Discografie
o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o


Snypsnaren (2002)

Opgenomen tussen februari en december 2001 in Peins.
Techniek Fokke Miedema FGM Produkties
Hoesontwerp en layout Serge Aanstoot Produkties

Snypsnaren

1 Spylman (1978)
2 De Ballade fan Sipke Postma (1977)
3 Foto (1991)
4 Op it Waad (1992)
5 Dokter Eeltsje (1985)
6 Leafde's Dream (2000)
7 Myn Leafke, Ma Michelle (2001)
8 Oege (1979)
9 De Sânde Dei (2000)
10 Hûs yn Peins (1999)
11 Oan 'e Mar (1980)
12 Net mear Kwyt (1997)


1 Spylman
Ik bin Hindrik Spylman, ik swalkje troch ’t lân
In healsliten fioelkiste ha ‘k yn ’e hân
Yn stêden en doarpkes fertsjinj’ ik myn brea
Sliep nachts yn in herberch en oars earne yn ’t hea.

Ik kom yn ’e Wâlden, yn greidhoek en bou
Men ken my yn Weinterp, yn Berltsum en Grou.
Op brulloft en dounsjoun dêr bin ik presint
Ik libje sa frij, it hie net better kind.

Spylman, kom spylje in dounske as trij’ Jo bringe ús wille en nocht en fertier
Stryk noch ris op man en sjong der hwat by; Wy wolle noch in kear fan ‘e flier!

Faeks is der in brulloft mei dounsjen der by
Dan wurdt ik dêr noege en stryk myn party
It tilt op fan wille oan ’t let yn ’e joun
Nei ôfrin dan gean ’k mei de pet yn it roun.

Op wykmerken kin men my oh sa faek sjen
Dat binn’ moaije dagen dat wit sels in bern
De feinten en fammen komme op my ta:
Spylje in Skotse Trije, de Govert of sa.


2 De Ballade fan Sipke Postma
Yn ’e tiid dat ik in jonkje wie sa fan in jier as tsien
Doe wenne der by ús op it doarp in man men kende him algemien
Hy waerd faek op’e buorren sjoen dan groette ‘er freonlik: Aju
Ja, Postma wie syn namme mar Grousters kenden him better as Sipke Paraplu

Meastentiids wie ‘er klaeid yn in âld feal pak en in swarte skipperspet
Dy klean hiene better tiden kend mar dat hindere Sipke net
Syn klompen wiene wit hoe âld dy die ’er nimmer wei
Hy sloech der rubber soallen ûnder sa koene se wer moannen en noch wol langer mei.

Syn boatsje dat wie in kano mei in ôfseage efterein
Dêr mei socht ‘er op ’e Mar om houtsjes dy ’t yn it wetter lein’
Dat wie syn brânje foar de winter hwant koalen dy foun ‘er te djûr
Sa libbe Sipke mar súnich en yn syn húske yn’e Wiide Steech telde’r elke stûr.

Op it lêst waerd it ferstân hwat minder hy wist net krekt mear hwat ‘er die
Hy plakte kranten foar de finsters en stiek de brân yn it húsrie
Doe is er nei It Fean ta brocht mar nei in skoftsje op in moarn
Hearde Grou it bericht dat fier fan hûs yn ‘e frjemdte wie Sipke Postma stoarn.

Doe ’t it testamint op tafel kaem die bliken hoe ryk Sipke wie
Der kaem in Stifting dy’t it jild belei sa as Sipke dat tocht hie;
Foar de âld-Grouster frijgesellen in ekstra yn ’e libbensjoun
Elk jier krije hja in bûssint mei út it Sipke Postma Fûns.


3 Foto
Hjir foar my leit in foto fan tsien minsken op in skip.
Se ha in wike te silen west en ien fan har bin ik.
De gesichten besjoch ik ien foar ien, sa kom ik út by dy.
En mei ’t fergrutglês yn ‘e hân helje ik dy tichterby.

Ik tink oan al dy dagen en it meast tink ik oan dy.
Do hiest eat hwat my oanluts, do makkest hwat los yn my.
Ik kin net sizze hwat it wie, mar it joech in goed gefoel.
Do hast it grif net witten mar do joechst myn libben wer doel.

Dochs ha wy doe net folle praet; dêr wie ‘k ek net oan ta.
Ik wist net krekt noch hwat ik woe al woe ik dy graech ha.
Wol tink ik oan dy mominten dat wy tegearre wien’.
En nou ’t ik der oan werom tink, wit ik dat ik it mien.

Ik hoop dat ik dy wer sjen sil en bist dan ticht by my.
Fertel ik fan myn leafde en siz ik: “Ik hâld fan dy”.


4 Op it Waad
It wie in gleone simmerdei dat de float yn ‘e haven lei.
Skûtsjes, klippers, in lange rij, der koe hast gjin skip mear by.
De hiele dei lang hiene we syld, de weagen glêd, it wyntsje myld.
En nou ’t wy klear wiene om oan wâl te gean seach ik oan dek ynienen dy stean.

Dyn eachopslach, in hângebaer, in teister hier om ‘e holle.
Sa núver, dat hie ik al dy tiid noch net sjoen.
Dyn leave laits sa gol en blier. Ferbylde ik my net te folle?
Mar dochs fielde ik my dúdlik yn dyn tsjoen!

Nei it doarp oer de Waedsédyk, ik roun nêst dy, hwat wie ik ryk.
Wy praetten hwat oer silery, dan seach ik skean nei dy.
Och, ik doarde noch net sa goed, soe it wol hwat wurde hjoed?
Myn bûnzjend hert, in slach bytroch, merksto dan net hoe ’t ik nei dy sjoch?

En yn in kroech doe ’t it noflik waerd, rekken wy eins oan ‘e praet.
Ik seach leafde yn dy doe ’t ik tsjin dy sei: Sille wy hjir efkes wei?
Bûten ha wy noch ûren roun, fielde ik my oan dy ferboun.
En yn it ljocht fan ‘e fjûrtoer sei ‘k dy myn trou: Do bist foar my de frou.


5 Dokter Eeltsje
Dokter Eeltsje, Goeiemoarn .
Stean my ta dat ik in skoftsje by jou grêfstein rêst.
Ik besoargje Jo dochs hoop ik net te folle lêst.
Jo binn’ ek al yn achttjin-achtenfyftig stoarn.

Aldfaers erf, Fryske groun,
dêr ’t iens de widze fan Jo en jou beide bruorren stie.
En dat de boarne fan de Rimen en Teltsjes wie;
hwat greate rykdom hawwe Jo oan Fryslân jown.

Doe ’t ik niis krekt hjir hinne roun,
seach ik jou byld yn it Park oan ‘e Stasjonswei stean.
En in tinkstien yn ‘e muorre fan jou bertehûs;
sa ’t liket sil jou namme hjir yn Grou net gau fergean.

Alde terp, Grouster toer,
dyn grize eagen seagen myld op dizze dichter del.
As minske en dokter wie hy hjirre dan ek tige yn tel,
al is syn libbenspaed ek net oer roazen gien.

Simmerdei, winterjoun.
Noch oh sa faek meie wy graech lêze út jou pennefrucht.
De golle wurden, de roune rimen, wurden sljucht en rjucht:
Sa gean myn tinzen wylst ik stean hjir by jou stien.

Ik sjoch omheech, ik hear de klok,
dy ’t my werom bringt út ‘e dreamen nei de wurklikheit.
De tsjoen ferdwynt, de sinne skynt
en faeit it byld fuort fan de man dy ’t oan myn fuotten leit.


6 Leafde’s Dream
Né, ik ha net nei dy socht; do kaemst sa op in dei
En ik hie der ek net oan tocht dat dit barre soe, dy dei
Mar dêr wiesto, in kreaze faem mei eagen blau as de loft
Ik wist net hwat my oerkaem en dat duorre gâns in skoft.

Ik seach nei dy, do seachst my oan; der skeat in fonkje oer
Doe naem ik dy by de hân en ik stammere hwat oerstjûr:
Ik wit net hwat ik sizze moat mar ik fiel dat ik by dy hear
It komt my wol hwat oer it mat;hwannear sjoch ik dy wer?

Ja, seisto, ik wol dy ek, ‘k gean daliks mei dy mei
Der is foar my gjin stap tebek, wy gean deselde wei.
Myn fyts stiet om ‘e hoeke hjir, myn besit is hwat ik draech
Kom, smite wy de lapen gear, ik wol dy stomme graech!

Leafde kin ienfâldich wêze; hwat meitsje wy it faek dreech
Men kin wol tsjokke boeken lêze, dochs bliuwt it libben leech.
Myn mearke is fan alle tiid, fan oeral ljocht en sinneskyn.
In tongerwolk dy ’t wol fjirder gliidt, mar leafde, ik leau der yn.


7 Myn leafke, Ma Michelle
’t Is simmer yn Fryslân, gleon brânt de sinne, de loft stiet te triljen op ’t lân
’t Is hjir op syn moaist nou mar ik pak myn tintsje; mei Frankryk haw ik in bân.
Dêr yn in doarpke oan ‘e kust fan Bretanje wennet sy, dy ‘t ‘k in jier lyn tsjinkaem.
In fonk skeat oer, de leafde ien fjûr en nou is sy myn faem.

Oh oh oh la lala, myn leafke, ma Michelle, oh oh oh la lala, myn Frânske Fryske Belle

Hwat wit ik noch goed fan dy ôfrûne simmer, mei de auto en tint der op út.
De tank fol benzine, in strakblaue himel, de wyn joech syn koelte troch ’t rút.
Lâns stêdtsjes en havens kaem ik yn dit lân mei in tael dy ’t ik net ferstie.
Dêr wiesto oan ‘e wei, ik sei de tiid fan ‘e dei en do holpst my út ‘e rie.

De dagen dêrnei haw ik mei dy trochbrocht; ik wie sa fereale op dy.
Sa learde ik te hâlden fan dy en Bretanje, ik fertelde oer Fryslân oan dy.
Hwat my yn dy oanluts is muoilik te sizzen, mar ik bin sa bliid dat ik dy foun.
Doe hasto sein op in dei: Ik gean aenst mei dy mei, ‘k sil my thús fiele op Fryske groun.


8 Oege

Oege wie de slimste net mar dochs hy rêdde ’m skoan.
Hy hie in baentsje as skippersfeint by in klaeiskipper út Boarn.
Al den dei wie Oege oan it wurk fan moarns oan ’t jouns yn ’t spier.
Dan foel er deawurch op syn koai en sliepte en snoarke swier.

Siz net dat Oege klaeijen hie; dêr stie syn aerd net nei.
Syn baes dat wie in bêsten-ien en wurke like hurd mei.
En as er earne merke wie dan mocht er om fiif ûre frij.
En mei de sneinske klean dan oan wie Oege ek fan ‘e party.

Sa leine yn ’t Heidenskip en Oege soe ek fan ‘e flier.
Hy pandere foar de kreammen lâns en gong mei in faem te bier.
Se wie sa gleon as heidebrân, liet har bêste kanten sjen.
Dat gong fan mâltjirgjen en patsjen ensa en Oege dy hie ’t sa nei ’t sin.
Sa krigen dy twa doe ferkearing Oege seach har sa faek ‘er mar koe
En sy liet ‘m elke kear blike dat se ‘m sa stomme graech woe….

In goed fearnsjier nei It Heidenskip doe krige Oege in brief.
De faem skreau him fan trouen hwant se hie sa’n pine yn ’t liif.
Doe snapte Oege der neat mear fan; se kaem dochs út ‘t Heidenskip?
Dan is se ferhúze hwant sjochris se skriuwt: Se is nou yn Swangerskip!


9 De Sâwnde Dei

It moarnsread fan ‘e sinne kipet fersichtich troch it gerdyn
En falt op it holkessen hwer ’t ik dy net mear fyn.
In lange nacht is wer foarby fan leechte en fertriet.
De nije dei is in boaze dream dy ’t driigjend foar my stiet.

Ik doch de dingen dy ’t ik dwaen moat as wie ik in automaet.
Myn kop ha ‘k der noch net goed by; ik hear myn eigen praet.
Ik pak myn jas en fyts en traepje yn ‘e hurde wyn.
Ik hoopje dat ik troch it wurk myn ritme aenst wer fyn.

Ik genietsje fan it mânlju’s praet: Hwat spile ús klup wer goed!
En al seit my fuotbal eins ek neat, ik mei it wol lije hjoed.
It wurk giet ûngemurken troch, sa gliidt de tiid foarby.
En ear ’t ik it yn ‘e rekken ha is it fiif ûre; ik bin wer frij.

Mar as ik myn hûs wer binnen stap, fljucht de leechte my wer oan.
Gjinien dêr ’t ik mei prate kin; dyn lûd is nou ferstoarn.
“It sil wol slite, it freget tiid”: sa as lêsten noch ien sei.
Miskien is it wier, mar nou docht it sear; it is ek pas de sâwnde dei!


10 Hûs yn Peins

In doarpke fan sa ’n hûndert húzen, hwat ôfsidich fan ‘e grutte dyk.
Mei inkeld mar in lytse tsjerke, sels gjin winkel is it ryk.
Dêr omhinne griene greiden en dêr boppe de blaue loft.
Echt sa ’n doarpke út in streekroman en de tiid hâldt hjir noch skoft.
Ik wit noch dat ‘k hjir riden ha doe ’t ik nei in wente socht.
En doe ‘k it hjir úteinliks lizzen seach, ja doe wie ‘k mei ien ferkocht.

In hûs, in hiem, in tún fol blommen en in brêge oer in feart.
In kastanje hinget oer it wetter, né, fjirders hoech ik neat.
In buorkerij yn it beamt ferskûle, op in terpke in skeane toer.
En kobben krite boppe it lân, yn ‘e fierte meant in boer.
Myn hûs is rom en oeral ljocht, ik fiel my op myn gemak.
En hoe ‘t wrâld ek nei my sjocht, ik bin hjir wol op myn plak.

As ik jouns noch efkes bûten sit gliedt de sinne yn it westen wei.
En de rook fan ‘e kamperfoeljeblom seit: it wie in goeie dei.
Yn dit lân hjir wol ik libje: de tael, de minsken binn’ my nei.
Fierste lang haw ik om útens swalke: Né, ik gean hjir nea wer wei.


11 Oan ’e Mar

De mar lei noch krekt as in spegel sa glêd en de sinne kaem krekt oer de kym.
In ielfisker kloete syn skou nei de wâl en helle syn fûken doe yn.

Wy sieten op ’t bjinstap, do stiif tsjin my oan, mei ús hânnen ferstrangeld ta ien.
Wy praetten togearre oer takomst en trou, it gêrs like ienris sa grien.

Ik neamde dy: Leafste en ik streake dyn hier en dyn eagen sprieken fan trou.
Do wieste myn earste en ik miende it sa wier; sa súver as moarns iere dau.

Hwat haw ik dy leafhawn dy simmer fan ’t lok. Foar ús like ’er wol sûnder ein.
Wy swalken togearre troch ljochtmoannedei; it like wol ien lange snein.

In dei yn ’e hjerstmis hwat dizich en grou. Yn ‘e moarntiid doe wiesto ferdwoun.
Ik rôp lûd dyn namme en ik ha nei dy socht, mar nearne ha ik dy wer foun.

Nou sit ik op it bjinstap bin stiif fan ‘e kjeld. Myn hânnen ferstrangeld fan kramp.
Do bist hinnegien nei fan wêr asto kaemst. Oer de mar hinget dizich in damp.


12 Net mear kwyt

It is fiif ûre freedtemiddei, de wike sit der op.
It wurk is dien, twa dagen bin ik frij.
Al skoften lang ha ‘k hjir nei út sjoen en it meallet yn myn kop.
Nou is ’t safier, aenst bin ik wer by dy.

Mar earst dat lange ein noch ride, twa ûren, hwat is it eins!
Ik draei in bantsje en ik harkje nei musyk.
Ik sjoch de kilometers gliden, aenst bin ik wer yn Peins;
Dêr is it begjin al fan ‘e Ofslútdyk.
It is al tsjuster as ik oankom, mar by dy is it oeral ljocht,
der brâne kearsen en it théljochtsje skimert read.
En dêr bisto, myn leafste, hwat ha ik faek oan dy tocht,
bin ik by dy dan is der fjirders neat.

Moandei tomoarn, noch hiel bitiid, it wykein sit derop.
In lêste tút en ik ryd fuort út Peins.
It is sa goed by dy te wêzen, mar dit spilet yn myn kop:
Is der foar ús dan mar inkeld sneons en sneins?

En ús leafde is in skip op ‘e wide sé dat mar muoisum syn wei dêr fynt.
Soms strûpt it der hast ûnder, mar ik wit
Uteinliks is der dochs in ré hwêr ’t de sinne yn it wetter skynt
en ik wol dy foar de dúvel net mear kwyt!

 

*It kin wêze dat de brûkte stavering net akkordearret mei dy fan hjoed de dei.
Dat is mooglik. Dat hat to krijen mei myn aversje dêr tsjin.
Ik ha der gewoan hwat muoite mei. De sprake is der gjin sprút minder om













Dizze tolve lietsjes binne in kar út nûmers dy ’t ik yn ‘e rin fan ‘e jierren makke ha.
It plan om se op te nimmen ûntstie neidat ik yn 1998 werom kaem yn Fryslân.
Dêr rekke ik yn ‘e kunde mei Tsjoch, de Feriening fan Fryske Folksmusikanten.
Yn febrewaris 2001 sette ik útein by FGM Produkties yn Peins.
Fokke Miedema tekene foar de technyk.
It doel wie om alles sa folle mooglik sels te dwaen.
Myn ynstrumintarium bestiet út in Epiphone 12 snarige akoestische gitaar,
in Rickenbacker 360/12 elektrische gitaar, in Ibanez Dobro en in selsbou dulcimer.
Oanfoljende ynstruminten komme fan Fokke; Fender basgitaar, Takamine 12 snarige
akoestische gitaar, Gibson ES135 elektrische gitaar, Roland RD 600 synthesizer, Sonor
slachreau.
By inkelde lietsjes ha ik help krige.
Fokke spilet elektrische gitaar op 8, slachreau op 10, strings op 5 (warm/heaven).
Fierders wol ik Annemieke Pauptit betanke foar har accordeon bydrage op 4, 7 en 8.

Opnommen tusken febrewaris en desimber 2001 by FGM Produkties yn Peins.
Mjukst en mastere by FGM
Omslachfoto: Marieke Hofland
Henk Roodbergen Hoekerhof 40 A 8862 PJ Harns 0517-417602
henk_roodbergen@hotmail.com http://www.henk.roodbergen.nl

Snypsnaren betsjuttet; fan alles hwat