Fryslan:
o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o - o

Wolkom achte besiker,

Tige tank dat Jo my de ear oandogge om myn thús-side te besykjen. Lit ik my efkes oan Jo foarstelle. Myn namme is Henk Roodbergen (Grou,1948) en bin sûnt 1965 dwaende mei musyk. Ik spylje gitaer,basgitaer en contrabas en piel hwat om mei dulcimer en steelgitaer "jankplank". Eigen lietsjes meitsje ik fanôf 1966. Earst yn it Ingelsk, dan yn it Nederlânsk en nou inkeld noch yn it Frysk.

Optredens:
Myn Fryske optredens beheine har ta "Tsjoch"-festivals. It hat lang duorre ear’t ik genôch selsbitrouwen hie om allinnich op in poadium te stean my eigen wurk. Foar dy tiid ha ik altiten yn groepen spile mei oar man’s wurk. En dat is in stik makliker. In oare reden dat ik lang wachtte ha,is dat ik fan 1970 oan’t 1998 yn Hollân wenne. Ik bin wer thús, sa te sizzen. Fan bilang is ek de Feriening fan Fryske Folksmusikanten. Yn myn eagen wol in unyk barren.

Thús:
Wiene se thús muzikael? Us Sake hat jierren lang accordeon spile en ús Mem siet op in koar en spile oargel. Myn earste gitaerlessen krige ik fan myn broer Adriaan,dy’t fan in freon in gitaer kocht hie.Ik wie sa’n tolve jier.Ik learde it D,A7 en G accoord en koe dêrmei myn earste lietsjes spylje; Da Doo Ron Ron en Ritme van de regen. Adriaan hat jierren letter noch optreden yn Balk hwer’t ek Doede Veeman noch mei him spile hat. Dizze fraech mei dêrom positief biandere wurde.

Ynfloeden:
Dat binne der hiel hwat,mar ik neam as myn goeroe Roger McGuinn fan The Byrds.Syn styl fan spyljen op’e 12 snarige gitaer en benammen de Rickenbacker 360/12 hat makke dat ik ferslingere rekke bin oan dit ynstrumint. Folkynfloeden komme meast út Ingelân en Ierlân. Fairport Convention, Steeleye Span, Pentangle, Dubliners, Fureys. Tichterby: Fungus De Gudrun Sêge fan Irolt(1975) hat my op it paed set om yn it Frysk te skriuwen. Dêrfoar wie it Roel Slofstra dy’t mei twa nijsgjirrige LP’s hearre liet dat "Frisia" hiel wol "Cantat".